Stjoerder GPTV begjint letter

28 sep 2006 - 12:08

De kommersjele tv-stjoerder GPTV komt in pear moanne letter mei syn nije programma's foar 19 gemeenten yn Fryslân. It televyzjestasjon fan heit en soan Gerstel hat NieuwsTV oernommen. GPTV soe fan 1 oktober ôf net allinnich yn Harns, Frjentsjerteradiel en It Bilt te sjen wêze, mar ek yn 16 oare gemeenten.

De datum fan 1 oktober wurdt net helle. It wurdt novimber of desimber fanwege ûnder mear technyske problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)