Gemeenteried Dongeradiel op TV

© Omrop Fryslân
De riedsgearkomsten fan Dongeradiel binne fan jannewaris ôf live te sjen op televyzje. Dêrfoar wurdt in nij televyzjekanaal fan Radio Noordoost-Friesland en Wâldnet brûkt.
Yn de riedsseal fan Dokkum komme twa kamera's te hingjen. De gemeente Dongeradiel wol mei de live-útstjoerings de boargers mear belûke by de polityk. De riedsgearkomsten binne in dei letter ek fia ynternet te sjen.