'Sluting Cambuur-kafee te gau'

De gemeente Ljouwert is mooglik te maklik oergien ta sluting fan kafee Cambuur. Dat seit Margit Havinga fan Hoareka Ljouwert. De gemeente hat besletten dat it kafee de kommende trije thúswedstriden fan Cambuur ticht moat om't guon besikers om de wedstriden hinne foar oerlêst soargje.
Neffens de regels hie de eigner lykwols earst in boete krije moatten, mar dat is neffens him nea bard.