'Undernimmerslêsten ferleegje'

28 sep 2006 - 09:59

De plakken Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits berekkenje sokke hege tariven foar ûndernimmerslêsten, dat it foar bedriuwen ûngeunstich wurdt om har dêr te festigjen.

De stedsgemeenten moatte dêrom tariven foar boufergunnings en rioelrjochten nei ûnderen bystelle. Dy oprop docht wurkjouwersferiening VNO-NCW Noard. De djoerste gemeenten binne júst de ekonomyske kearnsônes, sa blykt út ûndersyk fan de Keamer fan Keaphannel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)