Ilse de Lange set 1e dominostien

Sjongeres Ilse de Lange hat woansdei yn it Ljouwerter WTC/Expo de earste stien setten foar Domino Day. Der moatte sa'n 4,4 miljoen dominostiennen komme te stean om it rekord fan ferline jier te ferbetterjen.
Njoggentich bouwers út trettjin lannen ha de kommende wiken oan ien stik troch wurk oan it opsetten fan de stiennen. Op 17 novimber wurdt it evenemint hâlden.