Cambuurkafee ticht by wedstriden

27 sep 2006 - 15:30

Boargemaster Dales fan Ljouwert slút kafee Cambuur en snackbar Cambuur by thúswedstriden. De kommende trije wedstriden moat it kafee ticht wêze tusken 17.00 en 23.00 oere.

Dales wol sa wat dwaan oan de ûnrêst om it fuotbalstadion hinne by thúswedstriden. Ut plysjerapporten docht bliken dat de ûnrêst ûntstiet yn it kafee en de snackbar. Hy hopet dat echte supporters de wedstriden no feilich besykje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)