Hearrenfean-junioaren by Oranje

Geert Arend Roorda en Robin Huisman de Jong fan SC Hearrenfean binne selektearre foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 19 jier. Fan 6 oant 11 oktober spilet Oranje in EK kwalifikaasje-toernoai yn it Macedonyske Strumica.
Nederlân spilet tsjin Wyt-Ruslân, Ierlân en gastlân Macedonië. Roorda makke ek diel út fan de Oranje-seleksje ûnder de 17 jier, dy't ferline jier by it WK yn Peru 3e waard.