Ynbraak yn Appelskea

27 sep 2006 - 11:03

By in ynbraak yn in wenning yn Appelskea binne twa dvd-spilers, in digitale fotokamera en in decoder foar in skutel stellen. De dieven kamen binnen yn de wenning oan de Yndustrywei troch in rút stikken te meitsjen.

De ynbraak barde tiisdei oerdei, om it middeisoere hinne. De technyske resjerzje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)