Fytsster ferwûne yn Ljouwert

27 sep 2006 - 10:48
Foto: Omrop Fryslân

In fytsster (22) út Ljouwert is tiisdeitemiddei ferwûne rekke op de Berltsumerdyk yn Ljouwert. In automobilist (71) út Ljouwert kaam fan de Ossekop en woe de Berltsumerdyk opride.

De automobilist waard it sicht ûntnaam troch in frachtwein dy't oan it lossen wie. Hjirtroch seach de man de fytsster net oankommen. In oanriding wie it gefolch. De frou foel en rekke ferwûne oan de foet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)