Fertraging ferbou It Wiid

27 sep 2006 - 09:40

De bou fan besikerssintrum De Alde Feanen yn Earnewâld rint fertraging op. De ferbouwing en ynrjochting fan it âlde rekreaasjesintrum It Wiid wurdt rûsd op 4,8 miljoen euro. In grut part fan it jild, 1,5 miljoen, is lykwols noch net binnen.

De iepening fan it besikerssintrum fan nasjonaal park De Alde Feanen en it Frysk Lânboumuseum is yn maaie 2007 pland. Mar dan moat der noch wol 865.000 euro op tafel komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)