Asbest yn winkelsintrum Bilgaard

26 sep 2006 - 21:06

Der is asbest oantroffen by it slopen fan it winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. De gemeente hat ûndertusken in brief nei alle omwenners stjoerd om dúdlik te meitsjen dat de asbest gjin gefaar opsmyt. Wol sil it totale sloopmateriaal woansdei troch spesjale minsken ôffierd wurde.

It winkelsintrum yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert baande yn de nacht fan 23 op 24 augustus folslein út. De totale skea lei fier boppe de 30 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)