Nije wettermeters foar Friezen

Wetterbedriuw Vitens sil de kommende seis jier by 275.000 húshâldens yn Fryslân de wettermeters ferfange. De Fryske aksje makket diel út fan in gruttere operaasje. Neist de ynwenners fan Fryslân krije ek oardel miljoen minsken yn Gelderlân, Oerisel en de Noardeastpolder in nije wettermeter.
De aksje kostet Vitens sa'n 55 miljoen euro. De nije meters geane fyftjin oan't tweintich jier mei. De hjoeddeiske meter mar seis jier.