Nije korpssjef Berndsen beneamd

26 sep 2006 - 17:24

De 56-jierrige Magda Berndsen is tiisdei beneamd ta nije korpssjef fan de Plysje Fryslân. De eardere boargemaster fan de Noardhollânske gemeenten Opdam en Beverwijk is op dit stuit noch plysjesjef yn de Gooi- en Vechtstreek.

Berndsen is de opfolger fan Foeke Wagenaar dy't ynkoarten ôfskie nimt fan de Plysje Fryslân. Frou Berndsen tinkt dat de Fryske folksaard goed by har passe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)