Beatrix sneon by WK yn Thialf
Keninginne Beatrix is no sneon by it WK ôfstannen yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De hat de Ryksfoarljochtingstsjinst witte litten.
De wrâldkampioenskippen begjinne freed. Sneontemiddei ride de froulju de tûzen meter. De manlju ride de tsien kilometer. Mei de WK ôfstannen wurdt it reedrydseizoen ôfsletten.