Mear eroatyske massaazjesalons
Der komme dochs twa eroatyske massaazjesalons yn Ljouwert. Dat hat de gemeenteried fan Ljouwert besletten. De gemeenteried fan Ljouwert is tsjin útwreiding fan it tal seksbedriuwen yn Ljouwert, mar fynt dat in eroatyske massaazjesalon wol kin.
De massaazjesalons meie ek festige wurde bûten de Weaze en omkriten, omdat it hjir gean soe om in 'softe' aktiviteit.