Sjauffeurs Arriva stake woansdei

© Omrop Fryslân
Bussjauffeurs fan Arriva gean woansdeitemoarn yn staking. It giet dan om de stedstsjinsten yn Ljouwert en de streekbussen út Drachten, Hearrenfean en Easterwâlde wei. De bussjauffeurs binne lilk oer de wurktiden. Troch de op- en ôfstaptiden bliuwt der soms amper skoft oer.
Oer it probleem wurdt al twa jier praat. Woansdeitemoarn is yn Grins in gearkomste foar it personeel. Tusken seis en njoggen oere ride gjin bussen.