FNP wol eigen deputearre

De FNP wol nei de ferkiezings in eigen deputearre yn it nije provinsjale bestjoer hawwe. Ut de ferkiezingslist docht bliken dat Johannes Kramer op it earste plak stiet en beskikber is as deputearre.
Fierders stean by de earste njoggen opfallend mear jongere kandidaten. De âlde rotten Marten van der Veen en Lolke Folkertsma steane op de plakken 8 en 9. De FNP set yn op sân sitten yn de steaten.