Kompromis oer maratonreedriden

26 sep 2006 - 11:08

It koart pleit oer it maratonreedriden dat tiisdei hâlden wurde soe, giet net troch. De partijen binne ta in kompromis kommen. Der wurdt net selektearre, mar alle 24 ploegen begjinne - no sneon al - oan de topkompetysje. Alle wiken falt ien ploech ôf oant foar de fjouwer finaleritten tolve ploegen oerbliuwe.

Televyzjemaatskippij SBS dy't de wedstriden live útstjoere sil, moat noch akkoart gean mei it kompromis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)