Hingmatten De Friesland jouwe ôf

© Omrop Fryslân
De Friesland Zorgverzekeraar moat 800 hingmatten ferfange, omdat de pompeblêden ôfjouwe. Op de hingmatten stiet de Fryske flagge, mar de ferve is net wetterfêst. Neffens de syktefersekerder giet it om in flater fan it fabryk.
De hingmatte is brûkt by in reklamekampanje. Hy wie sa populêr dat der 800 fan makke binne. Inkelde eigners klagen oer ferve op de rêch en op it achterste.