Skiep elektroanysk registrearre

26 sep 2006 - 10:18

Op de Ljouwerter feemerk binne tiisdei skiep by wize fan proef elektroanysk registrearre. Oars bart dat mei de hân. Fan 2008 ôf fiert Nederlân it elektroanyske systeem yn op fersyk fan de Europeeske Uny. By syktes lykas blautonge of tongblier kinne de bisten dan gauwer en makliker opspoard wurde.

Foar de registraasje moatte de bisten by oankomst troch in poartsje rinne. De earmerken wurde scand en de nûmers opslein yn in kompjûter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)