Untslaggen by Friesland Bank?

26 sep 2006 - 10:09

By De Friesland Bank falle mooglik twongen ûntslaggen. Ek sil de bank besjen oft alle festigings iepen bliuwe. De bank wol tenei saken mear by de klanten thús ôfhannelje. Dêrtroch sille minder minsken nei de kantoaren komme.

Boppedat wol de bank de administrative taken fan 'e kantoaren safolle mooglik op fjouwer plakken yn de provinsje konsintrearje. Hoefolle banen ferlern gean, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)