Fytsrûtenetwurk yn Súdeasthoeke

25 sep 2006 - 23:34

Der komt in fytsrûtenetwurk yn de Súdeasthoeke fan Fryslân. Moandeitejûn binne de gemeentebestjoerders en ûndernimmers fan Smellingerlân en Opsterlân foarljochte troch meiwurkers fan de St. Doarp en Bedriuw Fryslân.

Yn Noard-Fryslân wurket it systeem al. Fytsers binne gjin kaarten mear nedich om de moaie plakjes te finen. It projekt kost tonnen en dat moat troch oerheden en ûndernimmers opbrocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)