Winst Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn mei 3-0 fan jong FC Twente. Yn in aardige earste helte setten Reza Goochannejhad en Robbie Rogers de Feansters op in 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte wie it op'e nij Reza Goochannejhad dy't Twente te fluch ôf wie.
Jong Hearrenfean stiet no mei jong AZ op in dield earste plak yn 'e beloftekompetysje mei 9 punten út 4 wedstriden. Jong Cambuur wûn mei 7-0 fan jong Zwolle.