'Grûnwetter yn simmer net heger'

© Omrop Fryslân
It grûnwetter yn de feangebieten fan Fryslân moat net omheech yn de simmermoannen. Dat fine de boeren dy't meidien hawwe oan in provinsjale proef. Trije jier lang waard it wetterpeil fan stikken lân fan de boeren simmers ferhege.
De provinsje tinkt dat it in oplossing is foar de boaiemdelgong fan fean. De provinsje docht nei oanlieding fan de proef mear ûndersyk nei in heech wetterpeil yn de simmer.