Cruyff Court foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol yn it foarjier fan 2007 in saneamd 'Cruyff Court Cambuur Veld' oanlizze. Dit moat komme op it al besteande traapfjild yn it Zamenhofpark. De gemeente sil it fjild oanlizze yn gearwurking mei de Johan Cruyff Foundation.
It giet hjir dan om in keunstgersfjild fan 42 by 28 meter en is in moderne fariant op âlde fuotbalfjildsjes yn buerten en wiken fan eartiids. Der is yntusken in ûntwerp makke.