'Fraach referindum net goed'

25 sep 2006 - 17:16

As de fraachstelling fan it referindum oer it Saailân yn Ljouwert better west hie, hie der nei alle gedachten in oare útslach west. Dat seit Martin Rosema fan de Universiteit Twente.

Hy hat yn opdracht fan de gemeente it referindum evalueard. In mearderheid fan de Ljouwerters dy't stimden, wie tsjin de plannen fan de gemeente. Mar om't de opkomst net genôch wie foar de kiesdrompel, waard it referindum ûnjildich ferkleatre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)