Guozzeprobleem besprutsen

25 sep 2006 - 16:46

De skeafergoeding oan boeren dy't lêst ha fan guozzen op har lân moat heger. Dêrneist moatte de regels om guozzen ôf te sjitten ferromme wurde. Dat sei Twadde Keamerlid Annie Schreijer fan it CDA moandei by har besite oan in tal boeren yn Súd-West Fryslân.

Sy sil no by de minister op maatregels oantrune. Boeren yn Súd-West Fryslân ha in soad lêst fan de guozen op it lân en witte troch in gribus oan regels net mear wat wol of net mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)