Frysk hynder yn Grand Prix

25 sep 2006 - 15:53

It Frysk hynder Ielke 382, beriden troch Esther Liano fan Wurdum, mei útkomme yn de Grand Prix foar dressuer. Ofrûne sneon helle Liano op in wedstriid yn Kootwyk dêrfoar de nedige punten.

It is hiel bysûnder dat in Frysk hynder Grand Prix ride mei, want dat is yn Nederlân net earder fertoand. Der is goed acht jier traind om dit te berikken. Esther Liano hopet har debút te meitsjen op Indoor Fryslan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)