Ultimatum foar Roy Wesseling
Trainer Roy Wesseling fan Cambuur leit ûnder fjoer. De kommende twa wedstriden moat er risseltaten helje, oars, sa driget de lieding fan Cambuur, krijt er dien by de klub. Yn in parseberjocht is ien en oar bekendmakke.
Cambuur hat út acht wedstriden trije punten helle en stiet ûnderoan yn de Jupiler League. Spilers en trainers reagearren berêstend. De lieding fan Cambuur woe gjin taljochting jaan.