Syb offisjeel musical-stjer

25 sep 2006 - 11:53

Syb van der Ploeg hat snein syn offisjele premjêre hân as musicalstjer. Hy die dat yn de musical Rembrandt. De haadrol dêryn wurdt spile troch Henk Poort, mar sa'n trije kear per wike nimt Syb van der Ploeg de rol foar syn rekken.

Dit jier is it 400 jier lyn dat Rembrandt berne waard. Dat wurdt fierd mei tal fan aktiviteiten, wêrûnder in musical dy't op dit stuit te sjen is yn Carré yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)