Kampanje tsjin krimineel gedrach

25 sep 2006 - 11:33

Ien op de trije jongeren yn Fryslân makket him of har skuldich oan in bepaalde foarm fan jeugdkriminaliteit. Om dêr wat tsjin te dwaan, set buro Halt yn Fryslân meikoarten útein mei in nije kampanje op skoallen.

Mei de titel Je kan het zelf bedenken wol Halt Fryske jongerein oansprekke op har eigen ferantwurdlikens. Ek wol it buro bern dúdlik meitsje hokker ympakt it kriminele gedrach ha kin op it slachtoffer en de omjouwing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)