SP: Omrin net rinne litte

De gemeente Smellingerlân moat op 'e nij om tafel mei ôffalferwurker Omrin, seit de SP-fraksje Smellingerlân. B en W dêr wol it kontrakt mei Omrin opsizze, omdat se it ôffal fia in kommersjeel bedriuw goedkeaper kwyt kinne yn Noard-Hollân. Oare Fryske gemeenten dy't noch wol klant binne by Omrin ha Smellingerlân freed oproppen om net by Omrin wei te gean. De Fryske gemeenten binne allegear oandielhâlder fan Omrin.