Hearrenfean ferliest fan Utrecht

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat mei 1-0 ferlern fan FC Utrecht. Yn de lêste minút skoarde Gregoor van Dijk út in penalty de beslissende goal. Earder krige ek Hearrenfean in penalty neidat Rob Friend ûnderút helle waard. Danijel Pranjic seach lykwols dat syn ynset keard waard.
Hearrenfean stiet no mei njoggen punten út fiif wedstriden op in sechde plak.