Rêddraaiers oppakt yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht nei snein twa fertochten oanhâlden op it Noard yn Frjentsjer. It giet om twa ynwenners fan Littenseradiel fan 17 en 19 jier. De fertochten hearden by in groepke dat troch it sintrum rûn te razen. Se skopten ek tsjin dingen op strjitte.
De plysje spruts inkelde persoanen oan op har gedrach. De groep bleau lykwols ferfelend en skold de plysje út. Dêrop waarden de twa fertochten oppakt.