Aris wint oefenduel fan Leiden

© Omrop Fryslân
De basketballers fan WoonAris hawwe sneontejûn de oefenwedstriid tsjin ZZ Leiden mei 85-73 wûn. Aris stie by rêst mei 42-30 efter. Yn it tredde kwart kamen de Ljouwerters goed werom. Aris skoarde mar leafst 18 punten efter inoar sûnder in punt tsjin te krijen.
De wedstriid waard spile yn de Wiardahal by Suderbuorren. It Kealledykje wurdt ferboud. Dêrneist hie Aris sneon ek in iepen dei.