Twa manlju oppakt yn Drachten

24 sep 2006 - 16:15

De plysje hat sneintenacht in 26-jierrige ynwenner fan Drachten oanholden omdat er yn it besit wie fan drugs. Personiel fan in hoarekagelegenheid oan de Oliemolenstrjitte ûntdutsen dat de man in fleske ghb by him hie. Hy waard oerdroegen oan de plysje.

Op de Noardkade hat de plysje in Drachtster (23) oanhâlden om't er besocht hoarekamuntsjes te stellen yn in hoarekagelegenheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)