Ynbraak yn skoalle Ljouwert
Yn in skoalle oan de Antillenwei yn Ljouwert is sneontejûn om 23.15 oere hinne ynbrutsen. Unbekenden binne binnenkaam troch oan de achterkant fan de skoalle in rút yn te slaan.
Ut de skoalle binne trije kompjûterbyldskermen meinommen. De plysje hat de saak yn ûndersyk. De skoalle moat noch wol oanjefte dwaan by de plysje.