Esonstêd offisjeel iepene

24 sep 2006 - 15:11

Esonstêd soe wolris in wichtige ekonomyske faktor wurde kinne foar it noardeasten fan de provinsje. Dat sei boargemaster Cazemier sneon by de iepening fan it rekreaasjepark by Eastmahorn.

Yn it park stean op it stuit 144 fakânsjehúskes en dat wurde der meikoarten noch mear as de earste útwreiding klear is. Dit smyt nei alle gedachten in soad toeristen op yn de regio en net allinnich yn de simmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)