Jonge rint oer auto op De Jouwer
De plysje hat snein in 16-jierrige ynwenner fan De Jouwer oanhâlden neidat er in auto fan in plakgenoat skansearre hie. De 40-jierrige eigner fan de auto hie nammentlik sjoen dat de jonge oer syn auto hinne rûn wie.
De eigner hat de jonge dêrop oansprutsen en dêrnei de plysje belle. De jonge is dêrop oerbrocht nei it plysjeburo op fertinking fan fernielerij.