Jonge (16) ferwûne by oanriding
In 16-jierrige jonge út Koatstertille is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachtsterkompanije. It slachtoffer ried op syn brommer en gong samar ynienen in krusing op.
In 32-jierrige autobestjoerder fan De Pein koe de jonge net mear ûntwike en skepte him. De jonge rekke ferwûne en waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.