Famke (18) ferwûne by oanriding

© Omrop Fryslân
In famke fan 18 jier út Driezum is freed ferwûne rekke by in oanriding yn Broeksterwâld. It slachtoffer ried yn har auto oer de Haadwei en moast remje foar in auto dy't foar har ried en ôfslaan woe.
In oare autobestjoerder seach dat te let en klapt achter op de auto fan it famke. Se hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.