Boete foar agressive bestjoerder

23 sep 2006 - 15:26
Foto: Omrop Fryslân

In 23-jierrige Boalserter hat freedtejûn in flinke boete krigen om't er him agressyf gedroech yn it ferkear. De autobestjoerder joech gas doe't er foar de ferkearsljochten achter oare automobilisten te wachtsjen stie.

Dêrnei wie de man oan it bumperkleven wylst er ek nochris fierstente hurd ried. Syn auto hie twa gledde foarbannen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)