Himpplantaazje oprôle Makkingea

23 sep 2006 - 15:21
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtemiddei yn de achtertún fan in wenning yn Makkingea in himpplantaazje oprôle. De plysje trof sa'n tritich planten oan, fan goed twa meter heech.

De himpplanten binne troch de plysje fuorthelle en ferneatige. De bewenners wiene net thús op it momint dat de plysje kaam. Der wurdt in neier ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)