Kâns op trochstart VVV's lyts

22 sep 2006 - 17:00

De kâns op in trochstart fan de VVV Friese Kust is minimaal, seit kurator Verdonk. In trochstart is inkeld mooglik as de provinsje gau mei jild komt, mar dêr liket it net op. De kurator sil tiisdei 22 personielsleden ûntslach jaan.

It bestjoer fan de VVV hat it bankrot oanfrege omdat der hieltyd minder jild is. Boppedat fynt it bestjoer dat ûnder de ûndernimmers yn 'e regio te min draachflak is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)