Fraude yn Frjentsjer

22 sep 2006 - 16:43

Yn Frjentsjer is in gefal fan fraude oan it ljocht kommen. In sekretaris fan trije stichtingen wurdt derfan fertocht dat er 70.000 euro nei syn eigen rekken trochslûsd hat. De man wurket foar de Rotary club, de Stichting Stadsontwikkeling Frjentsjer en by de Stichting Schurman-Leen.

De saak komt net foar de rjochter. De offisier fan Justysje sil sels de saak behannelje en de straf bepale.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)