Himpkwekerij oprôle yn Riis

20 mrt 2012 - 09:51
Himp - Foto: ANP

De plysje hat moandei yn Riis in himpkwekerij oprôle. Dat barde nei tips. Yn in gebou oan de Mientwei trof de plysje in kwekerij mei 400 himpplanten oan. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape.

In 41-jierrige Snitser dy't yn it pân wie, is oanholden. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
himpkwekerij Riis
(advertinsje)
(advertinsje)