Reparaasje dyk Swarte Haan klear

Op de seedyk by Swarte Haan is freed it lêste stik nij asfalt oanlein. Twa jier ferlyn kamen mankeminten oan it ljocht. It 32 jier âlde asfalt op nei Westhoek liet los. Dat kin by stoarmwaar gefaarlik wêze. It giet om in stik seedyk fan mear as 6,5 kilometer.
It nije asfalt moat foar de kommende fyftich jier beskerming biede. De hiele operaasje kostet 60 miljoen euro.