Bakkers komme mei nije bôle

22 sep 2006 - 11:32

Sa'n santich Fryske ambachtlike bakkers komme fan takom wike ôf mei fjouwer selsûntwikkele nije soarten bôle. Ien dêrfan is Skûtsjebôle, makke fan yn sûpe weakke rogge. Fierders is der in sipelbôle, in boerebôle en in Fryske greidebôle. Dy lêste is makke fan Fryske krûdsjetsiis, walnuten en rezinen.

De nije bôle wurdt woansdeitejûn presintearre op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)