GGD-direkteur heech op PvdA-list

22 sep 2006 - 11:14

Lutz Jacobi út Jirnsum stiet op it 24ste plak op de kandidatelist fan de Partij van de Arbeid foar de keamerferkiezings. Twadde-Keamerlid Jacques Tichelaar út Oranjewâld stiet op it trettjinde plak. Piet Straub fan Drachten út Drachten komt net mear foar op de list. Hy komt net werom yn de Twadde Keamer.

Lutz Jacobi wurket op dit stuit as direkteur fan de GGD Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)