Man oppakt foar ynbraken

20 mrt 2012 - 09:48

De plysje hat moandei in 44-jierrige man út Easterwâlde oanholden foar meardere ynbraken en stellerij. Omdat it tal wenningynbraken en stellerijen út skuorkes yn Eaststellingwerf de ôfrûne tiid tanaam, hie de plysje in ûndersyk ynsteld.

Troch tsjûgeferklearrings kaam de man út Easterwâlde yn byld as fertochte. By syn oanhâlding moandei yn Appelskea, hie er in stellen telefoan by him. Yn in wenning fûn de plysje ûnder oaren stellen laptops, boarmasines, fytsen, mobile telefoans en in fjoerwapen.

Al it guod is yn beslach naam. De plysje hat ek noch in 23-jierrige man oppakt foar heling. Beide fertochten sitte fêst. De plysje en it wenningynbraketeam dogge fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)